De boat van Sinterklaas

Tomke stiet by de haven.
Mei Kornelia en Romke.
It is dêr drok!
Alle bern wolle Sinteklaas sjen.
Toet, toet, giet it ynienen.
Ik sjoch de stoomboat al, ropt Tomke.
Sinteklaas swaait nei ús!
Eefkes letter leit de boat stil.
Sinteklaas rint oer in brede planke.
Alle bern begjinne te sjongen.
Tomke sjocht nei de stoomboat.
Wat is dy boat grut.
Ik wol yn de boat sjen, seit Tomke.
Dat mei net, seit Kornelia.
Dy boat is foar de pakjes.
En de pipernuten.
Sinteklaas klimt op in wyt hynder.
Alle bern sjogge der nei.
Kornelia ek, mar… Tomke net!
Hij wrot tusken de minsken troch.
Nei de planke fan de boat.
Hastich stapt er oer de planke.
Kornelia sjocht om har hinne.
Romke, wêr is Tomke?
Wit ik net, seit Romke.
Kornelia wurdt ûngerêst.
Miskien is Tomke wol yn it wetter fallen!
Romke! Sykje Tomke! ropt se.
Snuf, snuf, docht de snút fan Romke
op e grûn.
Ja, dêr hat er al in spoar.
It spoar giet nei de boat fan Sinteklaas.
Romke draaft de planke oer.
Pats! Tsjin in Swarte Pyt oan.
Sykje jim in wyt Pytsje?
Mei trije hierkes? laket de Swarte Pyt.
Hy wiist nei it dek.
En wa sit dêr ?
Mei in hânfol pipernuten? Tomke!
Kornelia! ropt Tomke bliid.
Ik ha de boat fan Sinteklaas sjoen!
En witsto wat? As ik letter grut bin…
dan wurd ik kapitein op de stoomboat!

Lees het hele artikel op de website van dé Weekkrant

Meer nieuws uit Donkerbroek

De laatste 20 berichten worden hieronder getoond.

Titel Datum Tijd
Jan viert honderdste verjaardag 12 maart 16:05
Politie pakt wiettelende patsers aan 12 maart 12:06
Leeuwarder scholier (17) beroofd 12 maart 12:06
Harkemase Boys 12 maart 12:06
Patiënten Waddeneilanden 's nachts sneller in ziekenhuis 12 maart 12:06
Bachelor HBO Rechten NHL 12 maart 12:06
Goochelgeheimen 12 maart 12:06
Charlene in Romein 12 maart 12:06
NNO speelt Bruckners meesterwerk 12 maart 12:06
Opa’s gratis naar Ja Zuster, Nee Zuster 12 maart 12:06
Djuricic 12 maart 12:06
Luisteren naar inburgeraar 12 maart 12:06
Rijtuigie door Leeuwarden 12 maart 12:06
Centrale As: 2300 visies: 12 maart 12:06
Frysk van Kikkert 12 maart 12:06
Visstroper voor derde keer opgepakt 12 maart 12:06
Charly Lownoise & Mental met exclusief optreden in Club Noa Leeuwarden 24 november 21:35
Swarte Pyt wol hagelslach! 24 november 13:24
Kansloos Heerenveen 24 november 13:24
Sandor 24 november 13:24